Utfinerspriis foar Singelland

19 maaie 2014 - 16:59

Twa learlingen fan middelbere skoalle Singelland yn Drachten hawwe dit wykein de earste priis wûn mei de lanlike útfinerswedstriid 'Yougi Zoekt'. Ilse Faber en Esra Blom hienen de Fabloshoe betocht. Dat is in skoech mei in ôfnimbere hakke. It is neffens de winners de ideale skoech, om't froulju faak op hakken rinne wolle, mar dat net sa lang folhâlde kinne. Mei de skuon hoege se net mear te wikseljen, sizze de famkes.

De sjuery, mei ûnder oare Lisa Wade fan It Klokhuis en Jan Zuidam fan Shell, wienen unanym entûsjast oer it idee.

De learlingen hawwe in iPad, in dj-paniel, in fototastel en in VIP-dei yn in ferdivedaasjepark wûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)