'Doutzen moaiste model ea'

19 maaie 2014 - 16:26

Topmodel Doutzen Kroes fan Eastermar is it moaiste Nederlânske model ea. Dat seit de organisaasje fan it World Fashion Festival. Dy hat in enkête hâlden ûnder mear as twatûzen Nederlanners. Doutzen Kroes kaam dêr as winner út nei foaren.

Frederique van der Wal en Angela Visser stean op it twadde en tredde plak. Marloes Horst út Terherne kaam as fiifde út de enkête.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)