324 boetes op Ruterskertier

Yn in wike tiid binne op it Ruterskertier yn Ljouwert mar leafst 324 bekeurings útdield. Foarhinne stiene der peallen om de dyk of te sluten foar ferkear dat der net del mei. Dy sakken de grûn yn as der in bus, de plysje of helptsjinsten oankamen. As dy foarby wiene, giene se wer omheech. Der barden lykwols tefolle ûngelokken, omdat auto's derachteroan rieden.
De peallen binne ferfongen troch in kamerasysteem. Auto's dy't der no delride, wurde registrearre en krije 140 euro boete. De gemeente seit dat der genôch warskôgings hingje.