Ljouwert wint striid om troan

De izeren troan út 'Game of Throne' stie earder op oare plakken yn Nederlân © ANP
De Izeren Troan út de ferneamde televyzjesearje Game of Thrones komt op 26 maaie nei Ljouwert. Dat hat de kommersjele stjoerder HBO bekend makke. De troan toerde al earder troch Nederlân as promoasje fan de searje. Fans koene dan even op de troan sitte en in foto meitsje. Dat wie sa'n súkses dat der in wedstriid útskreaun waard om út te meitsjen wêr't de troan noch mear komt te stean.
Ljouwert wie ien fan de plakken dêr't oant sneintejûn op stimd wurde koe. De Fryske haadstêd hat mei 30 prosint de measte stimmen binnenhelle.
Wêr't de 'Iron Throne' op 26 maaie krekt komt te stean, is noch net bekend. Enschede waard twadde mei 22 prosint fan de stimmen en ek dêr kinne fans in wike letter mei de troan op de foto.
De krekte útslach wie sa:
Ljouwert 29.64%
Enschede 22.46%
Rotterdam 19.64%
Eindhoven 10.53%
Maastricht 4.73%
Goes 3.99%
Almere 3.36%
Venlo 2.29%
Texel 1.89%
Lelystêd 1.47%