Ofskiedtsjinst Gerrit Ybema

22 feb 2012 - 15:40

Under grutte belangstelling is woansdei yn de Martinitsjerke fan Snits ôfskied naam fan âld-politikus Gerrit Ybema. Sprekkers wiene ûnder oaren kommissaris fan de Keninginne John Jorritsma en partijgenoat Hayo Apotheker. Ek wie in soad muzyk útsocht troch Ybema sels. Under de gasten in protte D66-pommeranten lykas Jan Terlouw en Els Borst.

Gerrit Ybema is woansdeitemiddei te hôf brocht yn syn berteplak Longerhou. Hy stoar 15 febrewaris nei in slimme sykte. Hy is 66 jier wurden.

Foar syn partij, D66, siet Ybema earst yn de gemeenteried fan Ljouwert en de Twadde Keamer. Letter wie er steatssiktaris yn it twadde pearse kabinet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)