Steaten beslute oer Thialf

Provinsjale Steaten beslute woansdei oer de takomst fan Thialf. Der binne trije opsjes: folsleine nijbou by it Abe Lenstrastadion, nijbou op de hjoeddeiske lokaasje of it opknappen fan it iisstadion. It kolleezje is ferdield. CDA wol folsleine nijbou
foar 100 miljoen euro by it stadion. PvdA en FNP wolle nijbou op de hjoeddeiske lokaasje, dat kostet 50 miljoen euro. It CDA wurdt stipe troch VVD en D66, mar it sjocht der nei út dat se gjin mearderheid yn de steaten krije.
Njonken PvdA, FNP binne ek SP, Grien Links tsjin de nijbou by it Abe Lenstrastadion.
Krusjaal wurdt it stimgedrach fan de PVV, Friese Koers en de Christen Unie.
De gearkomste is live te folgjen op www.omroplive.nl