Soad fragen sjitpartij De Like

22 feb 2012 - 11:05

De plysje yn Grinslân hat noch gjin idee fan de tadracht fan de sjitpartij yn De Like. Dêr is tiisdei oan de ein fan de middei in ynwenner fan De Gordyk ferwûne fûn yn in hûs. Hy hie in skotwûne en moast opereard wurde. De plysje hopet de man woansdei hearre te kinnen. De frou dy't ek yn it hûs wie is al wol heard. Se wie yn shock en dêrom smiet dat net folle dúdlikheid op. Der wurdt ûndersyk dien yn it hûs en yn de buert. De plysje hopet te achterheljen oft der noch in tredde persoan by de sjitpartij wie of dat de man of frou de dieder is.

Trefwurden: 
De Gordyk sjitpartij Leek
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)