Man pakt mei softdrugs

© Omrop Fryslân
De plysje hat tiisdei op de Lemmerweg yn Snits in man oppakt. Hy hie softdrugs by him dy't er mooglik ek ferkocht. Doe't plysjes him yn syn auto oansprutsen, rûkten se in sterke kannabisrook.
De auto is ûndersocht en der binne 57 pûdsjes hennep fûn. Dat is yn beslach naam, krekt as de auto fan de man. De man is foar fierder ûndersyk fêstset op it buro.