Auto en motors fierste hurd

In automobilist en fiif motorriders binne snein it rydbewiis kwytrekke om't se fierste hurd rieden. Ien motorrider gie sa hurd, dat er de motor ynleverje moast.
In 33-jierrige automobilist út Wageningen ried sneintejûn mei 139 kilometer oer de A7 by It Hearrenfean, dêr't 100 it maksimum is. In motorplysje gie achter de man oan, dy't ûnder de achterfolging wol 188 helle. De man hâlde ek hieltyd de linker baan. Hy krige dêr proses-ferbaal foar en moat him melde by it CBR foar in kursus.
De man dy't syn motor ynleverje moast, wie in 43-jierrige man út Drachten. Hy waard trappearre op de N392 by De Gordyk. De man ried 165 kilometer en naaide út foar de plysje. Hy wist mei gefaarlik rydgedrach fuort te kommen, mar waard yn Jobbegea oan de kant set. Hy hie syn kentekenplaten ombûgd. De man rekke syn rydbewiis en motor kwyt en moat nei it CBR om in kursus te folgjen.
Trije motorriders út Súdwest-Fryslân rieden mei 130 kilometer oer de Easterborn yn Aldeboarn, dêr't 80 it maksimum is. Se makken boppedat wheelies. Sy moatte harren ek by it Centraal Bureau Rijvaardigheid melde.
Op de Warrewei yn De Tynje waard in 24-jierige motorrider út De Fryske Marren oanhâlden, dy't 139 ried op in 80-kilometerdyk.