Faasje achter baggerje fargeul

22 feb 2012 - 10:23

Rykswettersteat set op dit stuit ekstra skippen yn om de fargeul nei It Amelân te baggerjen. Dat wurk moat 7 maart klear wêze, mar fanwege it iis op it Waad en hurde wyn hat it in skoft stillein. Der wurde no sels skippen út België ynset om de eindatum te heljen. It baggerjen fan de fargeul is nedich om't troch it tichtslykjen ûnder oare de fearboat nei it Amelân geregeld fêst komt te sitten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)