Blog: It kulturiele libben fan Jan de Boer (1)

19 maaie 2014 - 09:45

Hy wie direkteur fan de sosjale tsjinst yn Ljouwert en syn ideeën soargen faak foar in soad diskusje. "Ik durfde kwesties aan de orde te stellen, eigenlijk ben ik een anarchist", seit Jan de Boer.
Nei sa'n dikke twa oeren riden bin we oankommen yn Lagrasse, in prachtich doarpke yn de Corbières. We sitte net fier fan de Middellânske See en hjir yn it binnenlân is de natuer rûch en bercheftich. Nei't we ús ynstalleard ha yn in gesellich hoteltsje is it in kertier riden nei Saint-Laurent-de-la-Cabrerise. Jan de Boer (78 jier) wennet hjir mei Ana (73 jier), se is flamenko-dûnseres.
Se ha ús útnoege om ris echt Frânsk te iten. Nei in pittige sop ite we lamsfleis. Hearlik! Undertusken hearre we de ferhalen oer it Frânske libben yn dit gebiet bij de Pyreneeën.
Hjir wenje in soad keunstners. Jan skriuwt gedichten en is yn Frankryk en Italië bekroand mei prizen foar syn wurk. No ha se har 'compagny', mei dit selsskip mei musisy gean se op toernee en út en troch organiseare se thús in kulturele jûn. "Als jullie willen kan ik een gedicht voordragen, Ana danst erbij", Jan is noch altyd like entûsjast. Nei it iten krije we in ûntroerend gedicht te hearren oer wat je oan de ein fan it libben noch graach dwaan wolle. Tsjin tolven nimme we ôfskied en prate ôf elkoar de oare deis wer te treffen om mear te hearren oer it kulturele libben en de Frânske polityk.

Lês hjir it foarige blogberjocht oer Nei skoalle yn Frankryk of gean werom nei de haadside fan it blog.

Trefwurden: 
argyf Frankryk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)