Blog: Nei skoalle yn Frankryk

19 maaie 2014 - 09:28

Yn Frankryk moast fan dyn 6e oant 16e ferplicht nei skoalle. Mar se ha ek peuter- en kleuterûnderwiis. De measte bern geane fan 3 jier ôf nei skoalle.
Timo sit op de legere skoalle, dêr sitst op fan dyn 6e oant 11e jier. Dernei giest trije of fjouwer jier nei Collège. Op dy skoalle sit Ruard no. Beide bern stappe moarns op de bus dy't har nei skoalle bringt. In rit fan in lyts kertierke. De bern hienen hast rinnende nei skoalle kinnen want flakby har hûs stiet ek in skoalle. Mar dat is krekt in oar departemint en dan kin dat net.

Nei Collège gean de bern nei it Lycée. Tirza en Patrick sitte hjir beide op, mar se krije ferskillende fakken. Patrick is goed yn kompjûters en technyk, Tirza is ynteressearre yn biotechnology. It Lycée stiet yn in gruttere stêd, se ride moarns mei heit nei de bushalte en gean mei de bus nei skoalle. Jûns tsjin sânen pikt hy har dêr wer op. Dan binne de lytskes ek krekt wer thús. Alle bern ite op skoalle.

Tirza sil nei de simmer nei in oar Lycée. Se wol feedokter wurde en hat in fakkepakket keazen dat tichteby net te folgjen is. Dat betsjut dat se yntern giet. Se krijt in keamer mei fjouwer oare famkes en is dan fan moandeis o.e.m. freeds fan hûs. Dat fynt se net slim, se hat der sin oan. Mem fynt it dreger.

Lês hjir it foarige blogberjocht 'Wittenskipper op it dak' of gean werom nei de haadside fan it blog.

Trefwurden: 
argyf Frankryk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)