Kettingbotsing Drachtsterbrêge

Ferkear dat Ljouwert út woe oer it Drachtsterplein hie moandeitemoarn in soad oerlêst fan in ûngelok op de Drachtsterbrêge. Op de brêge wie in kop-sturt-botsing tusken twa auto's en in stedsbus, wêrtroch't it ferkear de stêd út hielendal fêst kaam te stean. Der rekke gjinien ferwûne. By de Drachtsterbrêge is de ferkearssituaasje sûnt koart oanpast fanwege de oanlis fan in akwadukt.
Fierders fleach op de Oostergowei yn Ljouwert in auto yn de brân. De brânwacht hat it fjoer útmakke.