Fytsedief pakt foar bedriging

© Omrop Fryslân
De plysje hat tiisdeitejûn yn Ljouwert in ynwenner (38) fan dy stêd oanhâlden foar bedriging en fernieling. Bewenners fan de Barent Fockesstraat seagen dat de man by har in fyts út de tún meinaam. Doe't se achter him oan giene, bedrige er har mei in mes. Se bellen de plysje, dy't de man yn 'e buert oanhâlde koe. Letter die bliken dat er ek noch in Ljouwerter in kopstjit jûn hie. De man is oanhâlden en fêstset op it buro.
Ek de mishannele man sit fêst, om't er út lilkens in winkelrút fernield hie.