Frachtwein kantele op A7
By in ûngelok op de A7 by Beetstersweach is moandeitemoarn in frachtweinsjauffeur licht ferwûne rekke. De man wie yn sliep fallen achter it stjoer en rekke doe mei syn frachtwein yn de berm. Dêrnei klapte de frachtweinkombinaasje om en kaam dwers op de dyk te lizzen.
De A7 hat nei it ûngelok oeren ôfsletten west, om it wrak opromje te kinnen. Ferkear tusken It Hearrenfean en Drachten moast omride oer Ljouwert. Yn de rin fan de moarn is ien rydstrook wer iepengien.