Wurk yn soarch tige ûnwis

18 maaie 2014 - 18:33

Guon lytse soarchorganisaasjes en maatskiplike organisaasjes yn Fryslân sitte yn spanning oft se nei 1 jannewaris takom jier noch wurk útfiere meie foar gemeenten. Fan dy datum ôf is net langer it ryk, mar binne de gemeenten ferantwurdlik foar saken dy't te krijen hawwe mei wurk en ynkommen, jeugdsoarch en soarch oan âlderen en minsken dy't lang soarch nedich hawwe. Partijen kinne ynskriuwe op wurksumheden, mar ferwachtsje pas letter yn it jier dúdlikens te krijen.

Dêr komt by dat gemeenten minder jild foar de útfiering fan de oerhevele taken krije wêrtroch't dêrop besunige wurde sil.

Trefwurden: 
soarch
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)