Van Althuis wint yn Sint Anne

18 maaie 2014 - 18:16

De frije formaasje haadklassepartij yn Sint Anne hie ferrassende winners. Yn de finale wûnen Pieter van Althuis, Jacob Klaas Haitsma en Patrick Scheepstra mei alles oan de hang fan Martijn Olijnsma, Marten Feenstra en Pier Piersma. Yn de earste omloop pakten Van Althuis en dy ek al in 5-5 en 6-6 oerwinning op it partoer fan Tjisse Steenstra. Yn de twadde omloop wie der in 5-3 en 6-4 winst op Johan van der Meulen.

De lytse preemje gong nei it partoer fan Bauke Triemstra, Alle Jan Anema en Hindrik Kootstra dy't yn de heale finale mei in folle telegraaf ferlearen fan Olijnsma c.s. Patrick Scheepstra waard útroppen ta kening.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)