Snits Wyt Swart thús ûnderút

18 maaie 2014 - 16:56

Snits Wyt Swart hat snein de earste neikompetysje mei 1-0 ferlern fan MSC. Op eigen fjild begongen de gasten út Meppel fol fjoer oan de striid. De latte boppe Kevin van der Meulen brocht útkomst nei in knap skot fan MSC. Op slach fan rêst ûntsnapte Snits Wyt Swart opnij oan in Meppeler treffer. Nei rêst krigen de Snitsers mear kontrôle, mar dochs wie it MSC dat yn de 66e minút de foarsprong pakte. In pegel fan Erolind Derguti spatte yn de lêste minút op de latte. Ek Pascal Hettinga wist yn blessueretiid de lykmakker net te meitsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)