Dea Wubbo Ockels grut ferlies

18 maaie 2014 - 16:51

It ferstjerren fan Wubbo Ockels is ek in grut ferlies foar Fryslân. Dat seit Bouwe de Boer, enerzjykoördinator fan de gemeente Ljouwert en ien fan de oprjochters fan de Solar Boat Challenge. De Boer is in persoanlike freon fan de âld-astronaut en promoator fan duorsume enerzjy.

Ockels hat him sterk makke foar de elektryske superbus en hie graach wollen dat dizze bus yn Fryslân ride soe, omdat hy bot fan ús provinsje hâlde. Dat dat net barde stelde Ockels bot teloar. Hy fûn it te behâldend. Wubbo Ockels is ferstoarn oan nierselkanker.

Trefwurden: 
Wubbo Ockels
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)