De Salvator Ljouwert ferboud

De tsjerkeseal fan De Salvator is ferboud © De Salvator
De evangelyske gemeente De Salvator yn Ljouwert hat hjoed syn nije tsjerkeseal yn gebrûk nommen. It tsjerkegebou oan de Archipelwei is folslein feroare. Der is no plak foar 450 minsken en alle fêste stuollen binne ferfongen troch losse stuollen mei kessens. It poadium is gruuter makke, der is teaterferljochting ophongen, de akûstyk is ferbettere en it klimaat foldocht no oan de heechste easken.
It measte wurk is dien troch frijwilligers dy't snein bedankt wurde mei in lekker lunsj yn tsjerke.