Van Hoek wint Ronde SE-Fryslân

18 maaie 2014 - 13:08

Hurdfytster Lotte van Hoek út Vlijmen hat sneon de Ronde fan Súdeast-Fryslân op har namme skreaun. De Fryske dielnimsters koene gjin belangrike rol spylje. Nei 120 kilometer kaam Van Hoek yn in kopgroep fan fjouwer as earste oer de streek. It twadde plak wie foar Trieneke Fokkens út Leutingewolde. It brûns gong nei Asleigh Neave fan Petten.

Snein komme de manlju yn aksje yn in rit oer 180 kilometer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)