Dronken Ryptsjerkster oppakt

18 maaie 2014 - 11:39

In 40 jierrige ynwenner fan Ryptsjerk is yn de nacht fan sneon op snein yn Ljouwert oanhâlden fanwege iepenbiere dronkenskip en ferfelend gedrach. By de oanhâlding fersette de man him. Yn poppoadium Romein yn de Bagijnestrjitte foel de man personiel lestich en waard der útsetten. Doe't plysje him om in id-bewiis fregen wegere hy dit sjen te litten. Dêrop waard hy oanhâlden. It koste de plysje de nedige muoite de man ûnder kontrole te krijen.

Trefwurden: 
Ljouwert dronkenskip
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)