Auto riidt haven Harns yn

18 maaie 2014 - 11:23

In auto mei twa froulju is sneontemiddei yn de Noarderhaven yn Harns riden. De brânwacht en traumahelikopter binne oproppen, mar dy wiene uteinlik net nedich. De froulju koenen op eigen krêft út de auto komme en se binne ek net ferwûne rekke. De auto dy't hielendal ûnder wetter rekke is troch in berger út de haven helle. Hoe't it koe dat de auto yn it wetter rekke is net bekend.

Trefwurden: 
Harns haven te wetter
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)