Pepperspray by oanhâlding

18 maaie 2014 - 11:11

De plysje hat sneontejûn twa Ljouwerters fan 40 en 43 oanhâlden yn in leechsteande wenning oan de Uterdyksterwei yn Ljouwert. De manlju hiene beide noch boetes en finzenisstraffen iepenstean. De plysje kaam ôf op in melding dat der in soad kabaal makke waard. Neffens de melder wie de hier fan it hús opsein en soe it leech wêze moatte. Yn de keamer wiene de 40-jierrige Ljouwert. De oare fertochte fûn de pysje boppe yn in kast. De plysje moast pepperspray brûke om se oan te hâlden. Beide binne ynsletten op it buro.

Trefwurden: 
Ljouwert pepperspray
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)