Auto yn Drachten útbaarnd

In auto yn Drachten is fannacht folslein útbaarnd. De auto stie oan de Melkkelder en om likernôch twa oere fannacht stie hy yn de brân. De brânwacht hat de brân blust, mar de auto is folslein fernield. De plysje tinkt dat de brân oastutsen is en siket tsjûgen dy't wat sjoen hawwe. Dy kinne har melde op it tillefoannûmer: 09008844