Ljouwert 2018 fan start

22 feb 2012 - 09:45

Ljouwert wol sichtberder wurde as kandidaat foar Kulturele Haadstêd 2018. As begjin dêrfan binne woansdei blommen plante. Nei't dúdlik waard dat Fryslân him net as provinsje kandidaat stelle mocht as Kulturele Haadstêd is de stêd Ljouwert nei foaren skood om de karre te lûken. It mei elkoar moaier meitsjen fan de wenomjouwing is in foarbyld derfan. Ateliergroep Nijlânsdyk hat in keunstprojekt mei de bewenners fan de wyk Nijlân.

Bern fan basisskoalle Bogerman en learlingen fan Comenius planten de fioeltsjes yn de wyk mei bestjoersleden fan de Kulturele Haadstêd, deputearrre Jannewietske de Vries en boargemaster Ferd Crone. Op de nije webside www.2018.nl kin elkenien meiprate oer Ljouwert 2018.

Trefwurden: 
Kulturele Haadstêd 2018
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)