Brouwer stapt op by Harkiten

17 maaie 2014 - 16:44

Trainer Willem Brouwer stapt op as haadtrainer fan Harkemase Boys. Dat makke er sneon nei ôfrin fan de wedstriid tsjin ACV bekend. Brouwer fynt dat der temin gearwurking is mei de technyske kommisje en dat dizze kommisje tefolle ynspraak ha wol op syn wurkwize. De trainer is it net iens mei de technyske gong fan saken, mar woe fierder net yngean op de details.

It beslút kaam as in grutte ferrassing foar de spilers, dy't emosjoneel reagearren op it beslút fan Brouwer. De ploech pakte in knap twadde plak yn de sneonshaadklasse C.

Willem Brouwer sil noch wol as haadtrainer oan de line stean by de twadde neikompetysjewedstriid yn en tsjin Staphorst. Brouwer hat yn totaal twa jier haadtrainer west by Harkemase Boys.

It beslút om op te stappen waard tongersdeitejûn naam, fertelde foarsitter Appie van der Veen fan de fuotbalklup. Hy fynt it tige spitich dat de gearwurking mei Brouwer ophâldt, om't de trainer geweldich wurk dien hat foar de klup.

Neffens Van der Veen leit it ferskil yn miening tusken Brouwer en de technyske kommisje benammen yn it oanlûken en fuortgean fan spilers. Beide partijen koenen der net tegearre útkomme. Wat assistint-trainer Sjoerd Jan Eppinga dwaan sil, is noch ûnbekend. It bestjoer sil ynkoarten mei Eppinga om tafel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)