Harkiten ûnderút tsjin ACV

Harkemase Boys hat sneon de earste neikompetysjewedstriid mei 1-0 ferlern fan ACV. Op sportpark De Bosk krigen de Boys de earste helte knappe kânsen. Heine Uuldriks, Joram Smits en Arton Musliu fersommen lykwols om de iepeningstreffer op it boerd te setten.
Fuort nei rêst wie it wol rekke oan de oare kant en kaam ACV op 1-0. Yn jacht op de lykmakker besochten de Harkiten wat werom te dwaan, mar echt gefaarlik wist de ploech fan trainer Willem Brouwer net te wurden.
Tiisdei nimme de Boys it op yn de útwedstriid tsjin Staphorst.
Nije wike sneon spilet ACV de thúswedstriid tsjin Staphorst.