Lintsje foar Catrinus Kamstra

Lintsje © ANP
Catrinus Kamstra fan Snits hat sneontejûn in Keninklike ûnderskieding krigen. Hy is beneamd ta lid yn de oarde fan Oranje Nassau. Boargemaster Hayo Apotheker fan de gemeente Súdwest-Fryslân rikte it lintsje út by it jubileumfeest fan fuotbalklup Black Boys, sy besteane 90 jier. Kamstra hat him jierren ynsetten foar de Black Boys. Hy wie ûnder oare 25 jier foarsitter.