Frou botst op grouwe stien

17 maaie 2014 - 14:39

In besykster fan in blomkemerk yn Nijekoat is sneontemoarn ferwûne rekke doe't se mei de auto op in grouwe stien ried. De frou ried fan it terrein, doe't se ûnferwachts gas joech en tsjin de grutte stien by de yngong botste. De auto bleau op de stien hingjen. De frou is troch de brânwacht út de auto helle en mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
ûngelok stien Nijskoat
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)