Konferinsje oer griene enerzjy

17 maaie 2014 - 11:23

VVD en GrienLinks yn Provinsjale Steaten wolle dat der in Fryske enerzjykonferinsje komt om te praten oer hoe''t der yn ús provinsje duorsume enerzjy opwekt wurde kin. Beide partijen fine dat de diskusje oer duorsume enerzjy op dit stuit negatyf en demotivearjend wurket. Dêrneist prate ferskate partijen no allinne oer it wol of net pleatsen fan wynturbine's, wylst der folle mear foarmen fan duorsume enerzjy binne.

It foarstel komt woansdei 21 maaie yn Provinsjale Steaten oan 'e oarder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)