Aldtsjerk bout sels wenningen

Aldtsjerk hat plannen foar de bou fan sa'n tweintich wenningen. It giet om in inisjatyf fan pleastlik belang, dat 18 bunder grûn oankeapje wol dêr't neist de wenningen ek rekreaasjewenningen en in marke komme moat. It plan soe meibetelle wurde moatte troch it sân ôf te graven en te ferkeapjen dat no noch op de 18 bunder leit. Oanlieding is benammen it feit dat starters gjin wenningen yn it doarp keapje kinne, fanwege de hege prizen. Doel is dat der binnen twa jier mei de útfiering fan it plan begûn wurdt.