Koperdief yn Ljouwert oppakt

17 maaie 2014 - 09:55

De plysje yn Ljouwert hat freedtejûn in koperdief oanhâlden. In tsjûge seach de man oan de Eenhoorn op it terrein fan in wenningbouferiening skarreljen en warskôge de plysje. Dy trapearre de 38-jierrige dief wylst dy ferskate rêchsekken fol treau mei koper en oare metalen.

De man besocht noch him te ferskûljen ûnder in kontener, mar de plysjes koene him dochs oanhâlde. De Ljouwerter sit fêst foar neier ûndersyk.

Trefwurden: 
Ljouwert koperdief kontener
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)