Turfrûte foar 40e kear iepen

Op De Gordyk wurdt sneon mei tal fan aktiviteiten fierd dat de Turfrûte foar de 40e kear iepene wurdt. De Stifting De Nije Kompanjons, behearder en promoater fan de toeristyske farrûte tusken Appelskea en De Gordyk, stiet ek stil by dit jubileum.
Der wurdt ek fierd dat in part fan de Turfrûte al útdjippe is nei 1,5 meter sadat ek rekreanten mei in gruttere boat de rûte farre kinne. Foarsitter Jantienus Have fan De Nije Kompanjons tinkt dat tenei 4000 boaten de rûte farre sille.