Blog: Fryske hynders yn Frankryk

17 maaie 2014 - 00:47

Nei in dei riden troch de Dordogne komme we oan by Johan en Ellen van Slooten. Fier fan de sneldyk, yn in heuvelachtich lânskip mei bosk en greide ha se hjir yn 2006 in buorkerij mei acht hektare lân kocht. Ien en al rêst, gean mar nei, hjir wenje likernôch 34 minsken per km2. De donkere swiere Cahors wyn komt hjir wei.

Johan en Ellen ha trije optykwinkels yn Fryslân; yn Akkrum, Dokkum en op De Jouwer. 'We binne hjir kommen fanwege de hynders'. Johan en Ellen ha Fryske hynders, mar thús yn Terherne hienen se dêr gjin plak foar. De hynders stienen op ferskillende lokaasjes yn Fryslân. Op in gegeven momint koenen se de winkels oer dwaan en doe't dit moaie plakje yn Frankryk him oantsjinne wienen de plannen foar in ferhuzing makke. Spitigernôch gong de oername net troch. Ellen is doe earst allinne mei de hynders nei Frankryk gongen, Johan bleau yn Fryslân by de winkels. In dreech jier. Ellen moast alles allinne útfine yn in frjêmd lân, mei sân Fryske hynders op stâl.

Der is in oplossing foar de winkels yn Fryslân fûn. Se wurde stadich oan oernommen troch in soan, de dochter en in broer fan Johan. Oan de ein fan dit jier tinke Johan en Ellen hielendal frij te wêzen fan de saken yn Fryslân. Mar allinne fan de saken, fan de famylje fansels net. Doe't Johan en Ellen hjir kamen wienen der noch gjin pake- en beppesizzers, yntuksen al fjouwer en de fiifde komt der oan. Johan en Ellen binne der wis fan dat se werom gean nei Fryslân, mar dat betsjut net dat se hjir bûten de mienskip stean. Johan sit yn de feestkommisje fan it doarp en se ha hjir in soad kontakten. Sa krije se hea fan de iene buorman en passe se op it hynder fan de oare.

Lês hjir it foarige blogberjocht 'De enklave Zuurbier yn Bretagne (2)' of gean werom nei de haadside fan it blog.

Trefwurden: 
argyf Frankryk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)