Jongerein: Europa is wichtich

16 maaie 2014 - 22:00

Jongerein soe har mear ynteressearje moatte foar de polityk. Dat sizze jongeren dy't freed nei in debat oer Europa kamen. It tema fan dit debat wie wat Europa betsjutte kin foar de Fryske jongerein. It debat waard holden yn oanrin nei de ferkiezings fan it Europeesk Parlemint fan nije wike tongersdei.

It debat waard organisearre troch de VVD en D66 yn Ljouwert, mar der wiene ek oare partijen oanwêzich. Tsientallen jongeren kamen freed op de jûn ôf. Foar de bêste debater fan de jûn stie in beker klear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)