Smoothies meitsje yn kantine

Mei sa'n fyftich jeugdleden fan fuotbalklup MKV '29 út Ljouwert makken Cambuur-spilers Martijn van der Laan en Leonard Nienhuis freed in sûne smoothie. Dat dienen se yn it ramt fan Food Revolution Day. Dizze dei is in inisjatyf fan sportsjoernalist en tillevyzjepresintator Wilfred Genee.
Genee spile sels as jeugdfuotballer by MKV '29 yn Ljouwert. Hy fynt dat der yn sportkantines mear sûne produkten komme moatte foar de bern. De middei waard op it sportjild ôfsluten mei de bekende 'Petje op, petje af' kenniskwis oer sûn iten.