Stroetinga ek rap oer heuvels

Wim Stroetinga hat freed de fyfde etappe fan Olympia's Tour wûn. It wie al de tredde etappe achterinoar dy't Stroetinga op syn namme skreau. Dat is knap, want de fyfde etappe gie oer de heuvels by Berg en Dal en Groesbeek. Stroetinga hie der gjin problemen mei. De Fryske sprinter fan it Koga Cycling team wie yn it Noard-Limburchske Reuver opnij de fluchste fan it peleton.
'Ien fan myn ploechmaten hie fan my ek winne mochten, mar doe't alles byinoar kaam moast ik oan de bak', seit Stroetinga oer syn oerwinning.
It klassemint wurdt oanfierd troch Berden de Vries. Sneon is de lêste etappe fan Olympia's Tour yn en om Hoofddorp.