Wytwaskfertochten langer fêst

Op ferskate plakken yn Ljouwert binne ynfallen dien © Omrop Fryslân, Remco de Vries
De twa fertochten út Ljouwert dy't dizze wike oppakt binne yn ferbân mei it grutte wytwaskûndersyk, bliuwe twa wiken langer fêstsitten. Dat hat de riedskeamer freed besletten. De twa Ljouwerters fan 47 en 34 jier binne de haadfertochten yn it ûndersyk. De plysje hat ôfrûne dagen ynfallen dien op fjirtjin lokaasjes yn Ljouwert en twa yn Drinte.
Der is beslach lein op ferskate wenten, auto's, boaten en oar guod. De plysje docht noch ûndersyk nei de finansjele administraasje fan de fertochten. Mear oanhâldings wurde net útsletten.