Kontrakt foar Huser by H'fean

16 maaie 2014 - 16:30

Sportklup Hearrenfean hat de 19-jierrige oanfaller Pascal Huser kontraktearre foar it kommende seizoen. Dat makke de sportklup freed bekend. Huser komt út de eigen jeugdoplieding fan de Feansters en spile dit seizoen yn de A1.

It 19-jierrich talint waard yn 2012 Europeesk Kampioen mei Oranje ûnder de 17 jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)