Wouter Marinus nei PEC Zwolle

16 maaie 2014 - 15:40

Middenfjilder Wouter Marinus fan sportklup Hearrenfean spilet takom seizoen by PEC Zwolle. De 19-jierrige Marinus giet transferfrij nei de klup fan trainer Ron Jans. By Hearrenfean kaam de middenfjilder noch nea yn aksje yn it earste alvetal.

Hy waard yn 2012 wol Europeesk kampioen mei Oranje ûnder de 17 jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)