Sloop skoarstien Balk útsteld
Fabryksskoarstien 'Iendracht' yn Balk bliuwt noch even stean. De stiennen piip soe moandei sloopt wurde, mar tsjinstanners ha fan de gemeente twa wike de tiid krigen om mei in restauraasjeplan te kommen. De skoarstien stiet yn in wenwyk en is fan de bewenners. Dy binne benaud dat de piip omwaait en wolle sloop.
De piip is net fersekere en sadwaande draaie sysels foar de skea op. De Balksters dy't de hege skoarstien hâlde wolle moatte no op syk nei jild. Neffens wethâlder Van der Pal binne der potsjes foar.
De eigners draaie foar de sloopkosten op.