Akkoart Opsterlân presintearre

Gemeente Opsterlân
De koälysjepartijen yn Opsterlân Opsterlands Belang, CDA, ChristenUnie en D66 hawwe freed harren koälysjeakkoart presintearre. It akkoart hat as titel 'De krêft fan de mienskip'. Yn it akkoart is ûnder oare fêstlein dat de lesten foar de ynwenners de kommende fjouwer jier net omheech geane.
Wethâlders Piet van Dijk fan Opsterlands Belang, Wietze Kooistra fan it CDA en Rob Jonkman fan de ChristenUnie binne opnij kandidaat-wethâlder foar it nije kolleezje. D66 leveret gjin wethâlder.