Man bedriget tafersjochhâlder
In 46-jierrige Ljouwerter is tongersdeitejûn oanhâlden neidat hy in tafersjochhâlder fan de gemeente bedrige. De man seach op de Achlumerstrjitte dat de meiwurker syn auto kontrolearre. Hy wie it der net mei iens en bedrige de tafersjochhâlder.
Dy hat de bedriger oanhâlden en oerdroegen oan de plysje. De Ljouwerter sit noch fêst.