Famkes mishannelje Dútse (13)

16 maaie 2014 - 09:53

In Dútsk famke fan 13 jier is tongersdeitejûn op de Warkumerdyk yn Makkum mishannele troch trije minderjierrige famkes. It slachtoffer waard sa slim mishannele dat se net goed waard en troch meiwurkers fan de ambulânse ûndersocht wurde moast.

Mei help fan tsjûgen koe de plysje de dieders, trije famkes út Makkum, oanhâlde. Sy sille heard wurde.

Trefwurden: 
mishanneling Makkum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)