Caparis himmelet gemeentehûs

21 feb 2012 - 19:41

De gebouwen fan de gemeente Ljouwert wurde tenei skjinmakke troch meiwurkers fan Caparis. Tiisdei is dêr troch beide partijen in kontrakt foar ûndertekene. Earder waarden de gebouwen altyd skjinholden troch it bedriuw Gom, mar dat kontrakt rûn ôf. It grutte ferskil is aanst dat de gebouwen oerdei skjinmakke wurde, earder wie dat altyd bûten kantoaroeren om. Nei de gemeente Hearrenfean is Ljouwert de twadde gemeente dêr't Caparis de gebouwen skjinmeitsje sil. De sosjale wurkfoarsjenning besiket dit ek klear te krijen by oare gemeenten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)