Oplichters op It Hearrenfean

16 maaie 2014 - 06:58

De plysje yn It Hearrenfean warskôget foar dizige lju dy't minsken oerhelje wolle om foar jild in abonnemint by in telefoanprovider ôf te slúten. De mobile tillefoan dy't se dan krije, moatte se dêrnei ôfjaan oan de oplichters.

Neffens de plysje is it gefolch dat de minsken fêstsitte oan in djoer abonnemint en boppedat opdraaie foar de belkosten. Dy kinne oprinne oant tûzenen euros.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)