Atletykbaan H'fean opknapt

De atletykbaan fan It Hearrenfean wurdt dizze simmer lang om let opknapt. Sa wurdt de boppelaach fan de baan ferfongen en wurdt it stek om de baan oanpakt. De wurksumheden kostje al mei al in pear hûnderttûzen euro.
Atletykferiening AV Heerenveen siet al jierren op de opknapbeurt te wachtsjen. De baan foldocht yn alle gefallen fiif jier net mear oan de easken fan de Atletykunie en dus koene der gjin offisjele wedstriden hâlden wurde. Troch de minne finansjele posysje fan de gemeente wie der oant no ta gjin jild foar de baan.