Multilingualism nei Ljouwert

15 maaie 2014 - 19:23

De Ryksuniversiteit Grins wol de master Multilingualism ferhúzje nei de University Campus Fryslân. Dêrmei wol de RUG opliedings dy't te krijen ha mei Fryslân safolle mooglik yn Ljouwert festigje. Dat meldt de Ukrant fan de universiteit tongersdei.

Oant no ta is yn Ljouwert allinnich de master Wettermanagement te folgjen. Ek de masterspesjalisaasje Frysk, dy't by de bachelor Minorities and Multilingualism heart, soe goed yn Ljouwert passe. DUO hat it foarstel lykwols ôfkard. Neffens har ûntstiet der sa in wyldgroei fan nije opliedings.

It RUG hat in beswierskrift yntsjinne by DUO. Neffens opliedingshaad Goffe Jensma is de oplieiding net nij, om't er al in jier draait yn Grins.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)