Earste NIX-feest fan Fryslân

15 maaie 2014 - 19:03

In feestje foar jongerein ûnder de 18 sûnder alkohol. Dat is de ynstek fan it earste NIX-feest fan Fryslân, dat op 27 juny hâlden wurdt yn Café de Bak yn de Blokhûspoarte yn Ljouwert. Inisjatyfnimster is Marjan IJben út Ljouwert. Neffens har falle jongeren fan 16 en 17 jier no tusken wâl en skip om't se earder wol drinke mochten, mar no troch de nije regeljouwing gjin alkohol mear bestelle meie. Fandêr dat IJben mei Café de Bak it earste NIX-feest organisearret.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)